Oerlis oer nije Fryske taalwet

© ANP
Ferskate Fryske gemeenten en oerheidorganisaasjes as it Wetterskip sieten tongersdeitemoarn yn Snits mei it stipepunt fan de Afûk en Binnenlânske Saken om de tafel om te praten oer de ynfier fan de nije Fryske taalwet. Mei de ynfiering fan de taalwet moat no neitocht wurde oer hoe't lokale en regionale ynstânsjes yn de praktyk omgean mei de Fryske taal. Organisaasjes moatte yn elts gefal in taaloardering en in taalbeliedsplan opstelle.
De byienkomst waard op inisjatyf fan Binnenlânske Saken organisearre en hie foaral in praktyske ynstek.
Om de ynfier fan de nije Fryske taalwet hannen en fuotten te jaan is der in spesjaal orgaan oprjochte. Op 17 juny sil dit orgaan him offisjeel presintearje.