Driuwende steger foar Amelân

15 maaie 2014 - 17:14

De jachthaven fan Nes op it Amelân hat in opknapbeurt krigen. It is ien fan in rige projekten fan de provinsje dy't gau útfierd wurde kinne, wurkgelegenheid jouwe en ek fluch risseltaat hawwe. It giet mei-inoar om ynvestearrings fan hast 25 miljoen euro. De regio betinkt sels wat se graach wol en partijen lykas gemeenten en organisaasjes wurkje der oan mei.

De jachthaven fan It Amelân is it earste projekt fan de streekaginda. Deputearre Tineke Schokker iepene dêrom tongersdei de nije steger.

De jachthaven fan Nes leit der no folle better by. De foarsjennings binne ferbettere, de elektrisiteit is fernijd en it wetter wurdt no filtere sadat legionellabesmetting foarkommen wurdt.

De streekaginda bestiet út projekten dêr't oars net genôch jild foar is en dêr't de gemeente ek oan meibetellet. De gemeente Amelân foarearst gjin jild foar fierdere fernijing fan de jachthaven. De Waadeilannen krije mei-inoar 4,4 miljoen euro foar de streekaginda. De projekten op de Waadeilannen wurde útfierd oant it jier 2020.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)