Fiskôfslach L'each wer apart

15 maaie 2014 - 16:41

De fiskôfslach fan Lauwerseach hat de gearwurking mei de ôfslach yn Harns fuortendaliks opsein, meldt RTV Noord. Oanlieding is in plan om de ôfslach yn Lauwerseach te sluten. Dat wol de Urker fiskôfslach, dy't sûnt 2008 eigner is fan de ôfslach yn Harns. De gearwurking tusken Lauwerseach en Harns bestie út de oprjochting fan it mienskiplike bedriuw International Seafood Auctions yn 2013, dêr't beide ûndernimmings yn opgean soene.

Troch de lokaasje yn Lauwerseach te sluten soene Harns en Urk tenei mear garnalen ferhannelje kinne.

Dy ynkomsten binne tige wolkom omdat der mei de hannel yn fisk de lêste tiid net in soad jild fertsjinne wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)