8 ton winst foar Koopmans Moal

15 maaie 2014 - 16:16

Moalfabryk Koopmans út Ljouwert hat yn 2013 in netto winst helle fan hast 0,8 miljoen euro. Dat wie yn line mei de winstferwachting. It bedriuw sil him yn de takomst mear rjochtsje op kwalitative groei. Begjin maaie waard it ûnderdiel Koopmans Bakery Products ferkocht.

De fokus leit no hielendal op de yngrediïntesektor. Mei de ferkeap fan Bakery Products is in streek set ûnder de lêste aktiviteiten yn konsuminteprodukten.

Trefwurden: 
Koopmans moalfabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)