Skilferbom basis net ûnfeilich

21 feb 2012 - 17:38

De maresjesee hat yn 'e buert fan it munysjedepot fan 'e fleanbasis fan Ljouwert tiisdei parten ôfset, omdat der ûnwissichheid wie oer de feiligens. Op it munysjedepot oan de kant fan Ingelum en Bitgummole lizze allerhanne bommen opslein.

Ien fan de fleantúchbommen begûn te skilferjen en dat soe betsjutte kinne dat dy samar ûntploffe kin. Op de fleanbasis betsjut dat grut alaarm. Alle feiligheidstsjinsten waarden alarmearre, mar letter konkludearre de EOD dat de bom net ûnfeilich wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)