Tal ww-útkearings sakke

15 maaie 2014 - 10:48

It oantal ww-útkearings yn Fryslân is yn april weromrûn nei sa'n 19.000. Oer it hiele jier gie it tal útkearings lykwols omheech fan 17.500 nei mear as 19.000. Dat is in stiging fan 9 prosint, wylst april wol in daling sjen lit fan 6,4 p%.

Neffens útkearingsynstânsje UWV giet it net allinnich om minsken dy't wurk fûn ha. De daling komt ek om't minsken net langer rjocht hawwe op in ww-utkearing, sûnder dat se wurk fûn ha. Dat is benammen it gefal yn de soarch en it wolwêzen. Dêr rekken in soad minsken harren baan kwyt.

Trefwurden: 
útkearing UWV WW-útkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)