Weening 2e yn klassemint Giro

Pieter Weening (argyffoto) © ANP
Pieter Weening stiet nei de fyfde etappe op it twadde plak yn it algemien klassemint fan de Giro d'Italia. De hurdfytser fan De Harkema siet woansdei yn de earste groep op wei nei de earste finish yn de bergen. Diego Ulissi waard earste.
De fyfde etappe fan Taranto nei Viggiano wie in klim yn de fjirde kategory, dy't twa kear naam waard.