Dosinten MBO stake

15 maaie 2014 - 07:39

Hûndert Fryske dosinten yn it MBO lizze tongersdei it wurk del. Oanlieding foar de lanlike staking is it mislearjen fan de CAO-ûnderhannelings mei de wurkjouwers. De fakbûn AOB wol in heger salaris en boppedat moat der wat dien wurde oan de hege wurkdruk. De wurkjouwers binne it dêr lykwols net mei iens.

En sadwaande lizze de dosinten tongersdei it wurk del en lûke nei Amsterdam. Der komme goed 2000 dosinten út it hiele lân op ôf.

Trefwurden: 
stake MBO dosinten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)