Grutte oefening Werpsterhoeke

Op de Werpsterhoeke by Ljouwert hat woansdei in grutte oefening west fan ferskate helpferlieningsorganisaasjes. Sechstich helpferlieners fan ûnder oare brânwacht, plysje en definsje waarden ynset by in sabeare kettingbotsing. Foar definsje wie de oefening wichtich om't sy sels net faak mei ferkearsûngelokken te krijen ha. Mar sy kinne wol ynset wurde by sokke saken.
Definsje wol him mear sjen litte yn de maatskippij. De gearwurking by de oefening hat de ferskate partijen goed foldien.