'Spilers-boykot fan de baan'

14 maaie 2014 - 19:29

De boykot fan in sponsorbyienkomst troch de spilers fan SC Hearrenfean is fan de baan. De direksje hat mei de spilers praten en nei oanlieding fan dat petear sjogge de spilers der fan ôf. Se woene de byienkomst fan oankommende moandei boykotte om't se it net iens binne mei it ûntslach fan ûnder oare teammanager Herman van Dijk en maatskiplik begelieder Peter Busscher.

Neffens it bestjoer is it ûntslach needsaaklik omt de fuotbalklup yn finansjeel min waar sit. De spilers woene mei de boykot in sinjaal ôfjaan, mar sjogge dêr no fan ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)