Skeel oer shanty-pream

14 maaie 2014 - 16:48

It Boalserter shantykoar bliuwt dizze simmer sa't it no liket oan de wâl. De leden fan it koar binne lulk want de pream, dêr't se simmerdeis alle moandeitejûnen op sjonge, wurdt brûkt om brêgen yn Snits te ûnderhâlden. Salang't de boat yn Snits leit, wurdt der net songen yn Boalsert. Neffens de gemeente Súdwest-Fryslân is de pream fan de gemeente en wurdt dy troch de hiele gemeente hinne ynset as ûnderhâldsboat.

Se sizze dat it net har ferantwurdlikheid is om in boat foar it koar te regeljen sadat dy troch de stedsgrêft farre kin.

Trefwurden: 
Snits Boalsert pream shantykoar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)