Postúm Sulveren Anjer takend

Hans Noordmans fan Snits krijt postúm in Sulveren Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Noordmans hat him tweintich jier lang frijwillich ynset foar it planetarium yn Frjentsjer. Hy wie projektlieder fan in grutte restauraasje fan it rêdwurk yn 1997. Ek makke hy in rekkenmodel op de kompjûter dêr't it planetarium noch oant fier yn de takomst mei wit hoe't se it rêdwurk ynstelle moatte.
It planetarium hie de Sulveren Anjer foar him oanfrege. Noordmans is yn jannewaris stoarn, hy is 84 jier wurden. De Anjer wurdt oan syn widdo útrikt.