Mei iisbrekker oer de Iselmar

Op de Iselmar wurdt noch altiten yn konfoai fearn tusken De Lemmer en de Ketelbrêge. Dêr leit noch safolle iis dat skippen begelaat wurde moatte troch iisbrekkers.
De rûte fan de Ketelbrêge nei Lelystêd en fierder nei Amsterdam is yntusken wer goed befarber. De ferwachting is dat de konfoaifeart noch wol in pear dagen duorje sil. Skippen kinne har oer de marifoan of by de slûs fan De Lemmer melde as se meifarre wolle. Yn trochsneed geane der sa'n fiif skippen yn sa'n konfoai mei.