Earste dei nije SP-wethâlder

14 maaie 2014 - 14:16

Jos van der Horst hat woansdei syn earste dei as SP-wethâlder belibbe. Dat is in primeur: noait earder hie Fryslân in SP-wethâlder, mar no al yn de gemeente Smellingerlân. Hy makket diel út fan in kolleezje mei SP, D66, ChristenUnie en PvdA.

Van der Horst wie earder fraksjefoarsitter fan de SP yn Smellingerlân en yn provinsjale steaten. Hy is der hiel grutsk op dat syn partij no mei in wethâlder yn in kolleezje sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)