Postsegel foar de Brandaris

Postsegel fan de Brandaris
Fjoertoer de Brandaris op Skylge krijt in eigen postsegel. De toer bestiet dit jier 420 jier en is boppedat hielendal renovearre. Om hjir stil by te stean, hat PostNL in spesjale postsegel fan de Brandaris makke. Dy wurdt takom wike by de weriepening fan de fjoertoer presintearre.
It is net de earste kear dat de Brandaris op in postsegel stiet. De toer hat ek in postsegel krigen by it 400-jierrich bestean. Doe krigen ek de oare fjoertuorren op de waadeilannen in segel. De Brandaris is de âldste fjoertoer fan Nederlân.