Nije opfang foar brêgeklassers

14 maaie 2014 - 12:03

Skoalmienskip Liudger en opfangorganisaasje BSO Vandaag yn Drachten begjinne nei de simmerfakânsje mei in bûtenskoalske opfang. It is bedoeld foar earste en twadde jiers havo- en vwo-learlingen Nei ôfrin fan de lessen kinne skoalbern yn in spesjaal lokaal har hûswurk meitsje en bykomme fan in drokke skoaldei.

Neffens inisjatyfnimmer en direkteur Janneke Plantinga fan BSO Vandaag is dizze foarm fan opfang foar brêgeklassers unyk en docht út ûndersyk bliken dat der ferlet fan is. De opfang op lokaasje Raai is in proef fan ien jier.

Trefwurden: 
Drachten opfang CSG Liudger bso
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)