Aldegeaster slein en biten
In 70-jierrige ynwenner fan Aldegea is tiisdeitemiddei biten troch in hûn en slein troch de eigener fan de hûn. It slachtoffer makke in opmerking oer it feit dat de hûn losrûn. De eigener, in man út Amsterdam (70) waard lulk en sloech de Aldegeaster. De bril fan it slachtoffer rekke dêrby fernield. De Amsterdammer is letter yn Earnewâld oanhâlden.