Munysje mei korroazje op basis

By in reguliere kontrôle yn it munysjedepot fan de Ljouwerter fleanbais, is tiisdei munysje oantroffen mei saneamde korroazjeferskynsels. Op dit stuit wurdt ûndersocht oft de munysje ek gefaar opsmite kin. As dat it gefal is, dan sil de munysje mooglik ta ûntploffing brocht wurde moatte.
Ut foarsoarch hat it ministearje fan definsje de direkte omjouwing fan it munysjedepot ôfsette litten. Bewenners yn de omjouwing fan Ingelum krigen dêrby it fersyk om de ruten fan har huzen iepen te dwaan en oant neiere berjochten net nei boppe te gean.