KW1priis nei Friesland Campina

© ANP
Friesland Campina hat tiisdeitejûn de prestisjeuze Koning Willem 1 priis wûn. Keninginne Máxima hat de priis útrikt oan Campina-direkteur Cees 't Hart yn de Nederlandsche Bank. Njonken Friesland Campina wienen ek Paques Holding út Balk en Huisman (Schiedam) nomineard.
De Koning Willem 1 priis wurdt alle jierren takend oan in bedriuw dat har ynset foar goed, kreatyf en ynnovatyf ûndernimmerskip. De sjuery hie benammen wurdearring foar de koöperaasje-opset fan it suvelbedriuw.