'A6 by De Lemmer feilich'

De A6 © ANP XTRA
De ferkearssituaasje op de a6 by Lemmer is simmerdeis net gefaarlik. Dat seit minister Schultz van Haegen yn antwurd op fragen fan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA. Jacobi woe graach dat de minister maatregelen nimme soe by ôfrit 17, nei De Lemmer. Neffens Jacobi ûnsteane dêr simmerdeis gefaarlike sitewaasjes om't der file ûntstiet foar de ôfrit, wylst it ferkear mei 130 kilometer yn it oere oer de sneldyk raast.
It Twadde Keamerlid hie dêrom om in oplossing frege. De minister sjocht hjir lykwols gjin oanlieding ta.