Dútsk duo wint Battle of Chefs

De Dútske studinten Anne Faulmann en Jakob Liebig wûnen tiisdei de earste edysje fan itensiederswedstriid 'Battle of the Chefs' fan Hegeskoalle Stenden. Faullman en Liebig traktearren 60 gasten en de krityske sjuery op in hjerringtartaar mei asperzjes, apel en kromkes spek en as haadgerjocht op laam mei koeskoes en spinaazje. Sy waarden troch sjuery en gasten, dy't ek stimden, justjes heger wurdearre as de twa oare finalisten.
By de 'Battle of the Chefs' waard sean neffens de útgongspunten fan de 'nije Nederlânske keuken': duorsum en sûn.
Oare útgongspunten wiene: net te folle fleis en wurkje mei streekprodukten fan it seizoen. De fjouwer finalisten wiene oerblean nei in foarronde dêr't sa'n fyftjin koks oan meidiene. It evenemint waard op poaten set en organisearre troch studinten. Yn de sjuery sieten ferskate betûfte koks, lykas Geert Jan Vaartjes fan Lauswolt en Albert Kooij.