Plan foar nij poppoadium klear

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert hat in bedriuwsûntwikkelingsplan klear foar it nij te bouwen poppoadium yn de stêd. De gemeente hat it plan makke yn gearwurking mei Poadium Asteriks, Poppoadium Romein en it Friesland College.
It Friesland College is entûsjast oer de plannen, mar
de beide poppoadia wolle foarearst selsstannich bliuwe. Wol is it de bedoeling dat it personiel fan Romein úteinlik oergean sil nei it nije poppoadium. Takom wike sil it bedriuwsûntwikkelingsplan troch de gemeenteried fan Ljouwert besprutsen wurde.
Wethâlder Sjoerd Feitsma hopet dat de gemeenteried gau ynstimme sil mei de plannen, omdat it de bedoeling is dat it poppoadium yn septimber takom jier klear is en de bou nei ferwachting hast in jier yn beslach nimt.