Tsjechen leare fan Fryslân

13 maaie 2014 - 22:25

In delegaasje fan 33 Tsjechen hat de ôfrûne wike yn Fryslân west om te learen hoe't wy mei wettersport omgean. Yn 'e delegaasje sieten ek ferskate boargemasters.

Fryslân hat de ôfrûne fyftjin jier in soad ynvestearre yn wettersport. Sa binne der fanwege it Fryske Marreprojekt akwadukten oanlein, farrûtes op djipte brocht en wettersportkearnen oantrekliker makke. Oare lannen kinne dêr in soad fan opstekke.

Yn Tsjechië wol in groep boargemasters de rivier de Morava toeristysk ûntwikkelje. De Morava is in rivier dy't útkomt yn de Donau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)