Cambuur wint fan amateurs

13 maaie 2014 - 21:34

Cambuur wûn moandeitejûn in oefenwedstriid tsjin in Ljouwerter amateur alvetal mei 9-0. De Cambuur goals waarden makke troch Ochbeche (3 kear) Barto (2 kear) Feldballe (2 kear), Bakker en Manu. Ramon Leeuwin giet nei alle gedachten nei FC Utrecht. De spiler sels is der wol út mei de klup. Neffens Cambuur foarsitter Ype Smid giet it wat de klups oanbelanget noch om details. Cambuur giet it petear mei spits Ochbeche oan, mei as ynstek in kontraktferlinging. Cambuur wol Martijn van der Laan net ferkeapje no't Leeuwin fuort giet.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)