Fryske gin tige populêr

13 maaie 2014 - 20:56

It nije drankje 'Frisian gin' is tige populêr. De Fryske gin is ûntwikkele troch sjefkok Geertjan Vaartjes fan Lauswolt. Yn it drankje sit ûnkrûd ferwurke dat yn de omkriten fan Lauswolt groeit. De Fryske gin smakket dêrtroch wat krûdiger as oare gin.

De Fryske gin is - by wize fan eksperimint - op de merk brocht troch widdo Joustra fan Snits yn in earste proefbotteling fan 300 flessen. Al dy flessen binne al ferkocht. It drankje is in populêr aperityf by Lauswolt. Ek op de Hotelskoalle yn Ljouwert binne se entûsjast oer de Fryske gin.

It produkt past goed yn it stribjen fan de hotelskoalle om mei streekprodukten te wurkjen. By de earste Battle of de chefs fan de hotelskoalle waard tiisdei Fryske gin skonken as wolkomsdrankje.

Trefwurden: 
drank Frisian gin Widdo Joustra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)