Skûlenboarch better tagonklik

De provinsje Fryslân en de gemeenten Achtkarspelen en Tytstjerksteradiel hawwe tiisdei in oerienkomst ûndertekene om it yndustryterrein fan Skûlenboarch-Westkern oan te pakken.
De ûndernimmers op it terrein hawwe dêr lang nei útsjoen. Sy hawwe al jierrenlang problemen mei de oanfierrûtes nei de bedriuwen. Om op it yndustryterrein by Skûlenboarch te kommen moat it ferkear no in grutte omwei meitsje. It oanpakken fan it yndustryterrein is al sûnt de jierren '60 ûnderwerp fan gesprek by de belutsen gemeenten.
Mar ûnder oare troch de ôfsluting fan de dyk troch in oanfarring by de brêge fan Koatstertille komme de wurksumheden no yn in streamfersnelling. Neist it oanlizzen fan in ûntslutingsdyk, sil ek wurke wurde oan it oanlizzen fan in rekreaasjegebiet. It is de bedoeling dat de dyk yn 2016 folslein te brûken is.