Fear foar telekombedriuw

Skilje fan VrieService © www.skilje.nl
De tsjinst 'Skilje' fan VrieService BV út Drachten wint dit jier de 'Fear yn de broek' fan de Ried fan de Fryske Beweging. Se krije de priis foar de wize hoe't se mei de Fryske taal omgean.
Neffens de Fryske Beweging wurdt de drompel foar minsken om Frysk te brûken folslein fuortnaam. De namme fan de tillefoantsjinst is Frysk, it personiel is meartalich en klanten wurdt dúdlik makke dat se gewoan harren eigen taal brûke kinne. De 'Fear yn de broek' wurdt op 27 maaie útrikt.