'Pinautomaat binnen 5 km'

De gemeente Opsterlân ropt minister Dijsselbloem op om aksje te ûndernimmen tsjin it ferdwinen fan pinautomaten út de doarpen. Nei oanlieding fan in moasje fan de gemeenteried is der in brief nei Den Haag stjoerd. De gemeente wol dat de minister de banken ferplicht in 5 kilometer-noarm hantearret as minimale beskikberheid fan in pinautomaat.
Oanlieding is it sluten fan de automaat yn De Tynje nei in plofkraak. Wethâlder Piet van Dijk hat der wol betrouwen yn, want hy wit dat de minister op dit stuit praat mei de banken.