Beach Dance slacht in jier oer

13 maaie 2014 - 16:46

It festival Beach Dance op it strân fan Harns giet dit jier net troch. Dit festival is alle jierren yn july, mar mei troch it grutte evenimint Tall Ships Races begjin july en oare eveneminten, sjocht de organisaasje gjin romte mear yn de simmer om in goed festival del te setten.

Der is noch besocht om oansluting te finen by de organisaasje fan de Tall Ships Races, mar dat is net slagge. Ek it WK fuotbal yn Brazilië soarget derfoar dat der net genôch geskikte data oerbliuwe. De organisaasje fan Beach Dance rjochtet har no op takom jier.

Trefwurden: 
Harns festival Beach Dance
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)