Drokte fytsestalling Ljouwert

13 maaie 2014 - 14:44

Fytsers kinne harren fytsen hast net mear kwyt op stasjons. Troch it tanimmend oantal treinreizgers yn Nederlân ûntstiet der hieltyd mear drokte by de fytsestallings. Troch romtegebrek stalle minsken harren fytsen bûten de rekken.

Gerard de Vries fan de fytsestalling by it stasjon fan Ljouwert kin de drokte noch oan, mar merkt wol dat it hieltyd drokker wurdt. Hy hopet dat de gemeente gau yn aksje komt.

De oerheid hat al 220 miljoen ynvestearre om it stallingsprobleem op te lossen, mar der is noch net in soad ferbettering. De bal leit no by de gemeente, seit in wurdfierder fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Dat is foar de oerheid al in 'flinke slok op in borrel'. Hy fynt dat it ryk der no wol genoch oan dien hat.

De gemeente Ljouwert hat noch gjin reaksje jûn op it probleem fan it tanimmend oantal fytsen op it stasjon fan Ljouwert. Minister Mansveld giet takom jier yn petear mei de gemeenten, ProRail, NS en it fytsersbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)