Undersyk nei jonge skriezen

13 maaie 2014 - 14:26

Ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga út Feanwâlden efterfolget dizze dagen skriezepiken yn de Filenspolder by Wytmarsum. Hast op gjin inkel oar plak yn Nederlân sitte der safolle greidefûgels op in klútsje as yn dit natoergebiet fan Natuurmonumenten.

Mar omdat it gebiet sa lyts is, soene der net genôch skriezepiken grut wurde. En dat kin op de lange termyn gefolgen ha foar it behâld fan de natoer dêr. Dêrom wurdt útsocht oft de skriezepiken nei normaal boerenlân ferhúzje troch de drokte yn it gebiet of dat sy gewoan dea gean.

Om dat ûndersykje te kinnen krije piken en âldere fûgels stjoerders om, sadat de bisten folge wurde kinne. It ûndersyk moat dúdlik meitsje oft it natoergebiet noch takomst hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)