Blog: Fan in hûs yn Snits nei in kastiel yn Normandië
Karin Twijnstra en Frans Tijssen wennen yn Snits en hienen in administrative baan. Karin fertelt dat se altyd al nei it bûtenlân ta woe. Har dream wie in lyts pleatske sadat der ek plak wie har Fryske hynders. De makeler wiisde har op Chateau le Val, in lyts kastiel dat al in jier as 5 à 6 leech stie. Se seagen beide dat der wat fan te meitsjen wie. Njonken dat Karin de Frânske taal goed kin hat se ek in toeristyske oplieding hân. En sa begûn har aventoer as kastielhear- en frou yn Normandië, dat wie yn 1996.
De bûtenkant fan it kastiel wie prima, mar fan binnen moast der in soad opknapt wurde. 'Moatst it bytsje by bytsje dwaan'. Karin is net ien fan it meitsjen fan in plan, se docht it mear op gefoel. 'Wat it earst moat pak ik earst oan'. De autentike eleminten binne safolle mooglik yn stân hâlden. Dus gjin strakke treppen, mar útsliten treden. De ynrjochting ha se yn de rin fan de jierren sammele. Alde bêden yn de styl fan Louis XIV, koperen kandelers, gobelins, keamers mei in eigen kleur; alles meimekoar jout in histoaryske sfear.
Nei in rûnlieding troch it kastiel moat Karin fuort. Fan it begjin ôf wurket se ek op in kamping oan de kust. We nimme ôfskie en sette ôf nei Bretagne.