Boetes foar lûdsoerlêst

13 maaie 2014 - 12:33

De plysje hat moandeitenacht trije ynwenners fan Ljouwert fan 17, 26 en 28 jier in bekeuring jûn. It groepke hong om op it terrein fan soarchynstelling Tjallingahiem oan de Salomonszegel en soarge dêr foar lûdsoerlêst. De jongelju raasden en smieten stientsjes tsjin de ruten.

De plysje koe de Ljouwerters earst net fine, mar fûn harren úteinlik ûnder in strúk. Ien fan de fjouwer dieders koe ûntkomme. De oare trije krigen in bekeuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)