NOM goed jier: 700 nije banen

De NOM, de ynfestearrings- en ûntwikkelingsmaatskippij foar Noard-Nederlân, hat in goed jier efter de rêch. It foarige jier is ôfsluten mei in posityf resultaat fan hast 2,4 miljoen euro.
Ut de jiersifers dy't tiisdeitemoarn presintearre waarden blykt dat de NOM hast 700 nije banen kreare hat. Boppedat binne der 352 banen behâlden yn Noard-Nederlân.
It fermogen fan de NOM is yn 2013 lykwols mei 20 miljoen ôfnaam. Dit komt benammen troch dividendútkearings oan de oandielhâlders. Dochs hopet de organisaasje de kommende jierren it bedrach dat se besteegje oan ynfestearringen omheech te heljen nei hast 10 miljoen yn it jier.