Sosjale media te min brûkt

Yn Drachten en Burgum bin moandei saneamde CityLabs iepene. Dat binne plakken dêr't studinten fan de NHL Hegeskoalle en de Friese Poort ûndersyk dogge nei hoe't MKB-bedriuwen de sosjale media better ynsette kinne. In soad bedriuwen brûke dy kwalik of net. Sa die bliken út in stekproef yn Burgum. In soad bedriuwen sette hast neat op facebook of twitter wylst dat de kanalen binne dy't de jongerein it meast brûke.
Yn it CityLab wurdt besjoen hoe't soks better kin en wêr ûndernimmers fan inoar leare kinne.