Ien Fryske ynnovaasje topper

It Fryske bedriuw Machines4Green út Nijemardum is as iennichst Frysk bedriuw opnaam yn de top 100 fan meast ynnovative MKB-bedriuwen yn Nederlân yn 2014. Dizze list wurdt alle jierren gearstald troch in panel fan eksperts en bekend makke troch de Keamer fan Keaphannel.
Machines4Green leveret ûnder oare op ôfstân bestjoerbere meanmasines en masines foar de ferwurking en opslach fan biomassa en feefoer. Op hokker plak Machines4Green úteinlik einiget yn de top 100 wurdt op 11 juny bekend makke.