'Windlust dochs ryksmonumint'

12 maaie 2014 - 21:35

De mûne fan Boerum moat op de ryksmonumintelist bliuwe. Dat fynt de Raad voor Cultuur. Minister Bussemaker hie de Rie ynskeakele om ûndersyk te dwaan nei de status dy't de mûne krije moat.

Der wie sprake fan dat de ôfbaarnde mûne mooglik net mear op de ryksmonumintelist komme soe om't der net genôch orizjinele eleminten brûkt binne yn de weropbou. Mar de Raad voor Cultuur fynt de boukundige struktuer en it plak yn it doarp wichtich genôch om dochs te pleitsjen foar behâld fan in plak op de monumintelist.

Jacqueline Brauwers fan de stifting Erfguod Kollumerlân en Nieuwkruisland is tige wiis mei it advys fan de Raad voor Cultuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)