Mantelsoargers wurde koarte

12 maaie 2014 - 17:34

Minsken dy't ien yn de hûs nimme om foar te soargjen, wurde mooglik koarte op harren útkearing. Dat jildt foar AOW-ers, mar ek foar minsken dy't in oare útkearing krije. Ek de minsken dêr't foar soarge wurdt, reitsje mooglik jild kwyt. De Twadde Keamer hat dit koartlyn besletten. De AOW fan in allinnichsteande âlder is sa'n 300 euro leger wannear't se in hûs mei har bern dielt. Ek in allinnichsteand bern mei in bijstânsútkearing wurdt koarte as se har âlders yn hûs hellet.

De Earste Keamer moat it beslút noch akkordearje.

Trefwurden: 
útkearing mantelsoarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)