Fjirde stjer foar De Hemrik

Bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert hat moandei de fjirde stjer Keurmerk Veilig Ondernemen. By dizze gelegenheid is ek in konvenant ûndertekene foar in fernijde gearwurking foar de kommende twa jier. Op it bedriuweterrein wurdt ûnder oare gebrûk makke fan kameratafersjoch.
By de byienkomst waard útlis jûn oer de resultaten fan de gearwurking foar in skjin en feilich bedriuweterrein.