Ljouwert yn race foar troan

12 maaie 2014 - 16:28

De Izeren Troan fan Westeros komt mooglik nei Fryslân. De troan út de ferneamde searje Game of Thrones fan stjoerder HBO hat de ôfrûne wiken in omgong troch Nederlân makke. Yn ûnder oare Amsterdam en Grins koene fans plaknimme op de troan en sa krekt dwaan oft se de Kening of Keninginne wiene fan it fantasylân Westeros. Dit waard dien as promoasje fan it nije seizoen fan de searje.

HBO hat in ferkiezing om te bepalen wêr't de troan no hinne moat. Ljouwert is ien fan de plakken dêr't op stimd wurde kin. Moandeitemiddei stie Ljouwert tredde.

Der kin stimd wurde op de webside fan HBO. Dat kin noch oantemei snein. De izeren troan komt nei de twa steden mei de measte stimmen ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)