Frysk swimwetter sûkerskjin

It Fryske bûtenswimwetter is sûkerskjin. De provinsje en it Wetterskip hawwe it wetter foarôfgeand oan it swimseizoen ûndersocht en derút docht bliken dat men eins oaral swimme kin. Moandei waard op De Lemmer offisjeel is bûtenswimseizoen iepene. De bedoeling wie dat de bern foar de iepening it wetter yn gean soene, mar dêrfoar wie it waar te min.
Der is noch altyd wol in probleem en dat is de poep fan de wettersporters. Sy leegje de tank noch massaal yn it bûtenwetter, omdat der temin ôfleverpunten binne.
Der leit 600.000 euro klear foar de oanlis fan mear sokke ôfleverpunten.