Nij foarstel Stefano Marzo

12 maaie 2014 - 14:41

Stefano Marzo fan sportklup Hearrenfean hat in nij kontrakt oanbean krigen. De Belgyske rjochtsback hie earder te hearren krigen dat syn kontrakt net ferlingd wurdt, mar hy krijt no dochs noch in kans. Marzo tinkt no nei oer de oanbieding en ein dizze wike sille se mei-inoar yn petear.

Marzo kaam ferline jier oer fan it Belgyske Beerschot. Pas yn de twadde helte fan it seizoen spile hy him yn de basis en spile hy dochs noch 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)