CJIB warskôget foar nep-mails

12 maaie 2014 - 13:50

It CJIB, it Centraal Justitieel Incasso Buro yn Ljouwert, warskôget foar falske mails, dy't ferstjoerd wurde. Dêryn wurde minsken opdroegen om in iepensteande boete te beteljen. It CJIB seit nea mei sokke mails te wurkjen en ropt minsken op om der neat mei te dwaan.

Yntusken hat de organisaasje it smoardrok mei alle reaksjes.

Trefwurden: 
CJIB boetes mails
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)