Krantebesoargers ferlieze baan

21 feb 2012 - 10:55

In pear hûndert krantebesoargers yn Fryslân ferlieze op 1 april harren baan. It giet om besoargers fan Friesch Dagblad en Ljouwerter krante. De kranten sille de besoarging gearfoegje en dêrtroch jild besparje.

Op dit stuit hat de Ljouwerter krante sa'n 1400 en it Friesch Dagblad sa'n 500 oant 600 besoargers. As de kranten yn in gebiet geskikte besoargers hawwe, dan krijt dejinge dy't de measte kranten besoarget nei alle gedachten de foarkar. Dat is yn de measte gefallen de besoarger fan de LC.

Dat seit Jan Deen, it haad transport en distribúsje fan de Noordelijke Dagbladcombinatie, de NDC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)