Eineksamens 2014 begûn

Foar sa'n 198.000 skoalbern yn Nederlân begjinne moandei de eineksamens. In spannende tiid foar learlingen en âlders, mar ek foar de skoallen in útdaging. Ferline jier wie der in soad kommoasje om't learlingen eksamens stellen hiene. Dit jier is der dêrom ekstra soarch bestege oan maatregels tsjin fraude, ek op de Fryske skoallen.
Moandei bûge de vmbo-learlingen har oer transport en logistyk en autotechnyk, foar de havo steane de fakken keunst en management en organisaasje op it programma en vwo'ers moatte it eksamen Nederlânsk meitsje.