Triemstra de bêste yn Stiens

11 maaie 2014 - 18:25

De frije formaasje haadklasse keatsen yn Stiens is snein wûn troch Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. Yn in mear spannende as fraaie finale mei in soad flaters wie it trijetal mei 5-5 en 6-4 te sterk foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma.

De lytse preemje wie foar Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik-Jan van der Velde en Sjoerd de Jong, dy't yn de heale finale ferlearen fan Van der Meulen c.s.

It partoer fan Gert-Anne van der Bos slagge der yn Stiens net yn om de 50e oerwinning te pakken. It trijetal waard útskeakele troch Van der Meulen. Takom wike is der opnij kâns by de frije formaasjepartij yn Sint Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)