Tefreden oer Marco van Basten

Mei de útskeakeling yn de neikompetysje sneon tsjin AZ komt der in ein oan de perioade Marco van Basten by sportclub Hearrenfean. Hearrenfean hie wol mei him fierder wollen, mar Van Basten joech sels yn jannewaris oan dat hy gjin nij kontrakt tekenje soe.
De resultaten wiene goed. Mei in achtste en in fiifde plak en twa kear in plak yn de neikompetysje foldie Van Basten oan de easken. Allinnich Europeesk fuotbal waard net helle.
Sawol foarsitter Jelko van der Wiel fan sc Hearrenfean as earefoarsitter Riemer van der Velde sjogge tefreden werom op de perioade Van Basten by sc Hearrenfean.