'Subsydzje Tûmba moat bliuwe'

11 maaie 2014 - 14:40

De fraksje fan Friese Koers yn de Provinsjale Steaten easket dat de provinsje de foarnommen besuniging fan mear as in ton yn it jier op Tûmba skrast. Tûmba set him ûnder oaren yn tsjin diskriminaasje.

Steatelid Jelle Hiemstra is benaud dat Tûmba hielendal ferdwynt as de provinsjale bydrage skrast wurdt, omdat ek ko-finansiering troch oare fûnsen en ynstellings dan fuortfalt. Tûmba hat ek meiholpen by it opstellen fan it bidbook fan Ljouwert as kulturele haadstêd.

Friese Koers fynt it nuver dat de ynstelling de eigen plannen foar 2018 dan net mear útfiere kin. De provinsje wol de subsydzje skrasse, omdat belied tsjin bygelyks diskriminaasje ûnder de gemeenten falt. Dy soene de finansiering fan Tûmba oernimme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)