Kuiertocht 'Loop' hat rekôr

11 maaie 2014 - 14:21

De kuiertocht dy't heart by de Loop Leeuwarden op snein 18 maaie lûkt dit jier in rekôroantal fan tûzen dielnimmers. Snein is de lêste dei dat der ynskreaun wurde koe.

Ferline jier bleau de teller hingjen op likernôch 950. It is foar de fjirde kear dat der kuiertochten op it programma stean. De ôfrûne jierren wiene de start en finish by de Aldehou. Diskear wurde dielnimmers mei de trein nei Deinum, Dronryp, Frjentsjer of Harns brocht. Dêrwei rinne se dan werom nei Ljouwert.

De start fan de hurddravers bliuwt wol by de Aldehou, yn it sintrum fan Ljouwert. Neffens de organisaasje rint de online ynskriuwing snein wol ôf, mar wa't op 17 maaie nei it stedskantoar fan Ljouwert komt, kin him noch wol ynskriuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)