Stienzer toant geslachtsdielen

11 maaie 2014 - 12:28

Yn Stiens binne yn de nacht fan sneon op snein twa manlju fan 24 en 32 jier oanhâlden, omdat se in befeiliger bedrige hiene. De man fan 24 jier soe út syn hûs wei syn geslachtsdielen sjen litten hawwe oan besikers fan de merke oan de Langebuorren.

Doe't de befeiliger dêr wat fan sei, soe de man drige hawwe mei in mes. Ek de 32 jierrige man soe him dêr mei bemuoid hawwe en mei in bierfleske smiten hawwe. Beide manlju binne yn de sel setten en sille heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)